Marcel Smit & Gerbrich van Dekken – Kofjekonsert

Marcel Smit en Gerbrich van Dekken steane net sa faak tegearre op de planken, mar in pear prachtige duetten sille se seker foar ús sjonge. Beide binne ûnder oaren bekend fan it Frysk Sjongers Gala yn De Lawei. Se komme mei twa poerbêste muzikanten nei Grou, dat it kin net oars as dat it in prachtich kofjekonsert wurdt. It iene part sil foaral fersoarge wurde troch Gerbrich van Dekken en it Grutte Guod. Dat Grutte Guod binne Gerbrich har begelieders Josse Postma en Wander van Duin.

Dyselde multy-ynstrumintalist Wander van Duin sil ek Marcel Smit muzikaal stypje yn it oare part fan it konsert. In bysûndere kombinaasje en dêrom in bysûnder kofjekonsert. Mis it net!

Oare foarstellings