Film – Amama

As Krite wolle we graach in spylfilm yn ús programma opnimme en dan leafst ien dy’t wat spesjaal is. Wy binne bliid dat we de sfearfolle Baskyske spylfilm Amama yn Grou sjen litte kinne. Dat is slagge yn gearwurking mei it EBLT, it Europeesk Buro foar Lytse Talen. Amama giet oer in generaasje- en opfolgingskonflikt yn in Baskyske boerefamylje, sa’t dat him ôfspilet ûnder de eagen fan Amama (Beppe). De jongste generaasje op de boerepleats, dy’t al generaasjes lang yn de famylje is, wrakselet mei it takomstperspektyf. In tematyk dy’t ek foar it Fryske plattelân werkenber is.

Baskyske films slagje der hieltyd better yn om in ynternasjonaal publyk te berikken. Amama hat furoare makke op ferskate filmfestivals troch hiel Europa. De beppe (Amama) wurdt spile troch Amparo Badiola, in natuertalint dat op har 80ste in oertsjûgjend filmdebút makket. Yn Fryslân wie de film earder te sjen yn Slieker (filmhûs Ljouwert) en op Omrop Fryslân.

Oare foarstellings