Hymphamp Jeugdteater – Tante Jellebel

Kultuer is der net allinnich foar grutten. Foar de basisskoallebern bringt it Hymphamp Theater út De Rottefalle yn de krystfakânsje twa (meartalige) foarstellingen fan sa’n 45 minuten oer Tante Jellebel.

Foar de ûnderbou (groep 1 o/m 4): Tante Jellebel’s toetje
Fan de molke fan Klaartje, de ko fan tante Jellebel, kin tante Jellebel hearlike dingen meitsje, sa as lekkere toetjes! En dat komt goed út, want der is in toetjeswedstriid en tante Jellebel wol meidwaan. Se hat in lekker resept en de Post komt lâns om te priuwen. Mar wat is dat no… der komt gjin molke mear! Is der wat mei Klaartje? Komt it noch goed?

Foar de boppebou (groep 5 o/m 8): Tante Jellebel en it jubileumfeest
Tante Jellebel hat it drok, se moat it jubileumfeest organisearje dêr’t it hiele doarp by wêze sil èn in spesjale gast, nammentlik Boargemaster Boeltjes! Hast alles is regele, de taart, de pankoeken, de fersiering en sels de disko mei dj Fireball. Dy dj fireball is yntusken smoarferliefd op de dochter fan de boargemaster en freget tante Jellebel om advys. Hoe fregest ien om ferkearing?

Oare foarstellings