Fêste Grûn – JM Teaterwurk
In hertstochtlik ferhaal oer leafde en feroaring… Renate, in sjoernaliste út ‘e stêd, krijt troch in ûngelok mei de auto kontakt mei Rein, in boer fan’t plattelân.
Rein is widner en wrakselt mei de problematyk fan it hjoed-de-dei ‘boerwêzen’ en de opfolging fan de pleats, dy’t al generaasjes lang yn de famylje is. Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn har wurk en har thússituaasje. ‘Troch de eagen fan de oar sjogge sy op ‘e nij nei harren eigen libben.’