Kritetoaniel |- In nije opset dit jier

De kâns foar eltse Grouster om mei te dwaan!

It kommende seizoen 2023-2024 kinne alle folwoeksen Grousters mei­dwaan oan it Krite Toaniel.*

Ûnder begelieding fan Tsjitske Stoer, regisseur en dosinte, sille we fanút ymprovisaasje in toanielstik meitsje.

Startbijienkomsten
Yn novimber starte we mei in oantal ‘snuffel mominten’; dizze sille op sneon 4, 11 en 18 novimber fan 10:00 – 12:00 oere wêze.

Repetearje
Dernei sil mei de groep repeteard wurde. Dizze repetysjes foar it toanielstik binne op tiisdeitejûn fan 19:30 – 22:00 oere en yn desimber en
jannewaris op sneon fan 10:00 – 14:00 oere.

Bist entûsjast en wolst meidwaan?
Jou dy dan gau op!
Opjaan foar dizze moaie kâns om mei Kritetoaniel mei te dwaan kin fia in mail nei info@kritegrou.nl. Dit kin oant en mei 15 septimber.

*De workshops en repetysjes wurde jûn yn it Frysk. Sels Frysk prate hoecht net, mar moast it wol ferstean kinne.

Oare foarstellings