Allinnich Anna
Script en creatief producent: Tet Rozendal
Yn dizze muzikale, tragikomyske, Frysktalige teäterfoarstelling wurdt it ferhaal fan Anna ferteld. Se fersoarget mei in izersterk liif en in hert fol leafde sike bisten yn har biste-opfang. As se in harsenynfarkt krijt, is se ynienen ta neat mear by steat. De opfangbisten binne op oare plakken ûnderbrocht en Anna grypt har mei har
fingerseinen oan it libben fêst.
Wat as je libben yn ien klap feroaret, de stilte om je hinne te lûd is en je net witte hoe ‘t it fierder moat? Stadich ûntdekt Anna yn har kwetsberheid har krêft.
Spul: Nynke Heeg en Wybo Smids
Poppespul: Romke Gabe Draaijer
Regy: Brigitte Odett
Muzyk en technyk: Sander Stienstra
Produksje: Stichting Oog van de Dag