Pier21 (Jan Arendz en Joke Tjalsma) – It wie op in simmerjûn
Theo en Anneke ha elkoar op lettere leeftyd fûn. Theo helpt sa goed as er kin by it finen fan in noflik plak yn in fersoargingstehûs foar Anneke har heit en mem, Daniël en Wimmy. Dy binne op in leeftyd dat se allang net mear op ’en paad kinne mei Daniël syn grutte hobby, it draaioargel. Mar Daniël en Wimmy wolle net ôfhinklik wurde en ha hiele oare plannen. Tegearre wolle se út it libben stappe, nei in lêste dûns op ‘It wie op in simmerjûn’.
De foarstelling lit fjouwer minsken sjen dy’t plannen meitsje foar de rest fan har libben. Mar dat libben giet somtiden syn eigen gong … Betûfte akteurs Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje sawol it jonge as it âlde stel. Sy steane foar it earst tegearre op it poadium yn dit nije stik fan Bouke Oldenhof. De rezjy is yn de fertroude hannen fan Jos Thie.