Pier21 – Bijke

Oer mei mekoar wêze en allinne wêze

Agnes wennet al jierren by René op de buert, mar gjin minsk hat in idee wat Agnes by de ein hat. Sy is slim op harsels. Agnes bemuoit har mei net ien en sjochst har noait op ‘e dyk.

As har hûn Bijke op in dei syn oandacht lûkt, fynt René Agnes langút lizzend op de keukensflier. Hy is noch mar krekt op ‘e tiid. Agnes wurdt mei de ambulânse ophelle. Sa bedarret Bijke by René.

Tekst: Bouke Oldenhof
Regy Jos Thie
Spilers: Joke Tjalsma en Theun Plantinga

Oare foarstellings