Grouster Kritetoaniel – Griener Gers

Ús eigen Kritetoaniel spilet dit seizoen de komeedzje Griener Gers fan Anja Steegstra oer dat it gers oan de oare kant faak griener liket.

Mark en Esther wenje neist Erik en Juliëtte. Njonken dat de fjouwer buorlju fan inoar binne, is der yn de rin fan de tiid ek in freonskip ûntstien. Se komme geregeld by inoar oer de flier. Ek al liket de freonskip hecht, ûnderhûds spilet ôfgeunst dochs in wichtige rol. Ûnder in itentsje by Erik en Juliëtte thús, skept Erik frijwat op oer djoere auto’s en fakânsjes nei lúkse oarden. Mark wol net foar him ûnder dwaan. En sa bedarje Mark en Esther troch Mark syn opskepperij in wike “op fakânsje” by harren thús yn de kelder…

Regy: Anja Steegstra
Spilers: August de Jong, Henny van der Hei,
Rixt Dijkema & Herman Tichelaar

Oare foarstellings