Breinroer – Ús man

Ús Man is in tige humoristysk twalûk oer froulju dy’t werom- en foarút sjogge op harren relaasje.

Yn diel ien riede twa froulju harren yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se hâlde sille op de brulloft fan harren eks-man: de froulju binne nammentlik allebeide de eks fan deselde man, dy’t no op ’e nij trouwe sil.

Yn diel twa sitte twa froulju op in waarme neimiddei wyn te drinken yn de tún. Se prate oer harren man sa’t allinne froulju dat kinne. Mar mei de man derby wurde de ferhâldingen op skerp steld. Troch it fenyn en de humor wurdt de betizing folslein.

Skriuwer: Youp van ’t Hek
Fryske oersetting: Gurbe Dykstra / Marijke Geertsma
Regy: Jan Arendz
Spilers: Anneke Hondema, Titia Huisman, Wybe Koldyk
Muzyk: Sake Hylkema

Oare foarstellings