Tryater – Doarp Europa yn de húskeamer
Europeanen. Bewenners fan Parys, Berlyn, Rome, Madrid. Froulju yn de lêste moade, manlju yn twadielich pak of hipsterburd, opgeand yn it drokke ferkear. Mar traapje ien kear it gas yn en bist yn Europa de stêd al wer út. En dêr komst dus èk Europeanen tsjin. Op it plattelân. Wa binne dat eins? Hoe sjogge sy nei de globalisearjende maatskippij? Watfoar byld hat de wrâld fan harren?
Bestiet dé Europeeske doarpsbewenner anno 2018? Yn Doarp Europa fan Tryater wurdt de myte útinoar raffele. Tryater reizget yn de hjerst mei dizze kleurrike foarstelling troch Fryslân. Op lokaasjes en yn húskeamers, wêrby’t spilers, muzikanten en dûnsers de siel fan it plattelân besykje te fangen. It moaiste is om earst de húskeamerferzje te besykjen en dêrnei nei de foarstelling op lokaasje te gean.
Doarp Europa yn de húskeamer
De húskeamerfersy fan Doarp Europa wurdt in yntime foarstelling mei maksimaal 3 spilers (in akteur, in muzikant en in dûnser). Foar ien jûn wurdt in wenkeamer omboud ta thústeater.
Der wurde yn Grou op ien jûn 2 thúsfoarstellingen tagelyk jûn fan elk 1,5 oere. De kaartferkeap rint fia Tryater. Yn in húskeamerfoarstelling is mar plak foar in 20 à 30 minsken, dus wês der gau by.