Grouster Kritetoaniel – Swart is sa tryst
It Kritetoaniel spilet dit winterskoft ‘Swart is sa Tryst” (‘Zwart is zo somber – Mieke Lelyveld), ûnder lieding fan regisseur Anja Steegstra, dy’t ek de oarspronklike tekst oersetten hat nei it Frysk.
Trije suskes komme op de jûn foar mem har útfeart by inoar yn it âlderlik hûs. Alles is regele om mem moarn in moai ôfskied te jaan. It sil lykwols al gau blike dat dat mem har lêste winsken net mear fan belang binne. De muzyk dy’t mem bygelyks útsocht hat “kin écht net”. De belutsenheid ûnderling fan de trije is ek al fier te sykjen. Alle trije binne net fan doel om foar de oare ek mar ien stap oan de kant te dwaan.
Yn ‘Swart is sa Tryst” wurdt mei in protte humor it publyk in gniisspegel foarhâlden mei in swart randsje…