Heimatlân – in Frysktalich kabaretprogramma mei muzikale begelieding

Inez Timmer komt op freed 11 maart 2022 by de Krite yn Grou, mar net mei it programma ‘Rjocht yn it hert’ dat wy earder oankundige ha en dus ek net mei Thijs Meester. Troch Corona slagge dat net.

Sy komt no mei it programma ‘Heimatlân’, in Frysktalich kabaretprogramma, en mei begelieding fan Peter van der Zwaag, in master op ‘e toetsen. Op de webside fan Inez Timmer stiet: “Kleinkunstprogramma, cabareteske anecdotes,  meeslepend repertoire gezongen door een ervaren, gelauwerde artieste en begeleid door een toetsentovenaar.”

Spielster: Inez Timmer
Muzikale begelieding: Peter van der Zwaag
Technyk: Siebren Greidanus

Nederlandse vertaling

Oare foarstellings