Grytz & Grize – Kofjekonsert

Grytz & Grize wurde hieltyd populêrder yn Fryslân. Grytsje Melchers (Grytz) en Douwe van der Werff (Grize) sitte dan ek bepaald net stil en ûntwikkelje har aloan breder.

Tegearre mei Bokke Rypma (gitaar) en Jan Hoekstra (bas) bringe sy in grut ferskaad oan eigen Frysktalich wurk én kinne de prachtige Boudewijn de Groot ferskes fansels net achterbliuwe. De mearstimmige sang, it gitaarwurk en de ôfwikseljende nûmers soargje foar in moaie, sfeerfolle moarn!

Wy ûntfange Grytsje en Douwe mei fiolist Vincent van Dam en sellist Carel van Leeuwen graach op 10 april foar in kofjekonsert yn Grou.

Oare foarstellings