Rjocht yn ’t hert – Inez Timmer en Thijs Meester
(ûnder foarbehâld fan de RIVM-rjochtlinen y.f.m. corona)
De tafel is kreas dekt, de kearsen brâne, de keamer is smûk en it hûs oan kant. Dit wurdt Eefje Teggelsma’s lêste jûn en dy moat bysûnder wêze. Har favorite film komt op telefyzje en dêr sjocht se bot nei út. Noch ien kear genietsje, noch ien kear hearlik romantysk swolgje en weidreame. En dan derút stappe. Perfekt. En krekt op dat momint bejout de tv it….
Aldergelokst is de teleneedtsjinst der en dy stjoere fuortdaliks harren bêste man: Freddie Pothuma. En dan komt alles oars. De grutste ferrassing; it publyk bepaalt de ûntknoping fan it stik!
Rjocht yn ’t hert, in nije, roetswarte en muzikale Fryske komeedzje mei Inez Timmer en Thijs Meester. Oarspronklik Midden in’s Herz fan Angelika Bartram. Oersetting en rezjy Hans Brans.