Grytz & Grize – Kofjekonsert

(ûnder foarbehâld fan de RIVM-rjochtlinen y.f.m. corona)

Troch corona in jier opskood, mar gelokkich kinne we se dochs noch wolkom hjitte yn Grou: Grytz & Grize (Grytsje Melchers en Douwe van der Werf). Op dit kofjekonsert sjonge Grytz & Grize Fryske lieten foar ús en in tal Ingelske covers. We krije ek in pear nûmers fan it projekt ‘Boudewijn de Groot yn it Frysk’ te hearren. Grytz & Grize wurde begelaat troch fiolist Vincent van Dam en sellist Carel van Leeuwen.

Dit kofjekonsert soe yn maart 2020 opfierd wurde by it Theehuis, mar sil no op 11 april 2021 plakfine yn Jeugdherberch Oer ’t Hout. It konsert wie al útferkocht en de ferkochte kaartsjes bliuwe jildich. Wol kinne minsken har op in list sette litte foar it gefal der kaartsjes ynlevere wurde.

Oare foarstellings