Ernst Daniël Smid & Bartho Braat – ’n Zomer zonder vrouw… in Grou
Yn gearwurking mei FFF is it slagge om dizze bysûndere toanielfoarstelling nei Grou te heljen as ûnderdiel fan Grouster Merke. Eins wie it al dien mei de foarstellingen, mar foar Grou wolle de beide mannen noch graach in kear har keunsten fertoane. Want wêr kin dit stik no better spile wurde as yn Grou?!
It is foar it earst dat spiler Bartho Braat en sjonger Ernst Daniël Smid tegearre op de planken steane. De tragikomeedzje giet oer twa echtpearen dy’t alle jierren meielkoar op fakânsje nei Fryslân gean. As beide froulju komme te ferstjerren, ien troch kanker en de oar troch in ûngelok, beslute de manlju dy jierlikse tradysje dochs oan te hâlden. Alhoewol’t se wat karakter oangiet it tsjinoerstelde fan elkoar binne, bringt dizze fakânsje se neier ta elkoar en sette se de earste stap om de dea fan harren leafsten in plak te jaan.