Jiergearkomste en muzykjûn mei Volk!

We begjinne de jûn mei de jiergearkomste foar Krite-leden, mar krekt as foarich jier binne nei it skoft ek net-leden tige wolkom. Dizze kear om te genietsjen fan de muzyk fan ús eigen Grouster band Volk!

Volk! spilet folk, jazz, eigen lietsjes en ‘neidochdingen’ (covers). En dat allegear yn it Frysk. Se spylje har muzyk mei eigen arranzjeminten en in protte drama, humor en teater. Foarich jier stiene se foar it earst op Aaipop en fierder spylje se ûnder oaren op ferskate festivals, lykas Oerol op Skylge en it Frysk strjitfestival. De band bestiet út Wietske Banga (sang, gitaar), Benedictus van der Veen (trombone, sousafoan), Hans Pieffers (perkusje), Jelle Beks (sopraansaks, sang), Romke de Jong/Alinda van der Bijl/Jaap Velema (wikseljend bas) en Piter Banga (toetsen, sang, praatsjes)

Oare foarstellings