Jiergearkomste mei Auke Zeldenrust oer de Joadske Brulloft
Nettsjinsteande corona giet de jiergearkomste fan de Krite gewoan troch. Dan komme ûnder oaren de jierferslaggen fan skriuwer en ponghâlder oan de oarder en fertelle we oer de plannen foar de takomst yn dizze ûnwisse omstannichheden. Fansels nimme we de RIVM-regels yn acht. Mei de 1,5 m-maatregel is der plak foar 40 minsken by Oostergoo.
Nei it skoft nimt skriuwer/sjoernalist Auke Zeldenrust ús mei yn syn bysûndere ferhaal oer in Joadske brulloft yn Ljouwert. Fan dy brulloft yn 1939 waard in film makke dy’t mei in tal oare dokuminten yn in koffer bedarre. Dy waard pas goed 60 jier letter iepene. Auke stuite tafallich op it ferhaal fan de brulloft en de koffer en yn 2018 kaam syn boek De Joodse Bruiloft, een koffer vol oorlogsgeheimen út, dat ek de basis foarmet foar de teaterfoarstelling De Joodse Bruiloft. Auke fertelt ús oer syn nijsgjirrige ûntdekking fan in stikje Joadske skiednis yn Ljouwert. Ek sjogge we de film fan dy brulloft út 1939.