Kritetoaniel – Frjemde gasten
Nije opset foar Kritetoaniel; fan improvisaasje oant teater!
In tal Grousters ha fan de gelegenheid gebrûk makke om te ûntdekken oft aktearjen wat foar
harren is. Ûnder lieding fan Tsjitske Stoer ha d’r in oantal teater ‘snuffel mominten’ west en is der in Krite ‘ympro-ploeg’ fan 6 persoanen foarme.
Al gau die bliken dat sy mei in protte wille, entûsjasme en lef leuke sitewaasjes ymprovisearren. Troch ferskate sitewaasjes, rollen en emoasjes te spyljen waarden hilaryske sênes makke mei spesjale karakters en fanút dizze ymprovisaasje is it toanielstik ‘Frjemde gasten’ makke.
By de foarstelling ‘Frjemde gasten’ treffe jo in tal minsken yn it Grand Café ‘De Ynstap’.
Grand Café ‘De Ynstap’ is geskikt foar allerhanne aktiviteiten; itentjes, gearkomsten, blind-dates, neisitte of oare feestlike barrens lykas brulloften of jubilea. Ien kear binnen, sille jo genietsje fan ferrassende en eigensinnige mominten.
Op it stuit fynt der in nijsgjirriche ferbouwing plak, ‘De Ynstap’ krijt yn koarte tiid in betoverjend nij ynterieur. Wy besykje de plande aktiviteiten safolle mooglik troch te setten, al kin dat wol foar wat oerlêst soargje.
Ek de jiergearkomste fan fûgelferiening ‘Piri-Piri’, dêr’t de winner fan de fûgelspot-kompetysje yn it sintsje set wurdt, giet gewoan troch.
Dizze foarstelling is basearre op ymprovisaasje en der wurdt ek ymprovisearre tidens de útfiering.
Foar it publyk is it in libbene foarstelling dêr’t jo as fêste gast diel útmeitsje fan it gehiel.
De entûsjaste spilers binne Joke Hoekstra, Wiekie van der Geest, Els Glashouwer, Jan Bouma, Janneke Andringa en Jaike Blankestijn.
Regy is yn hân fan Tsjitske Stoer.