Tryater – Raze om protters (wannear’t it genôch is)
Foarich jier spile Tryater Doarp Europa by Van Vuuren Deuren yn Grou. Dat wie in grut súkses, net allinnich it stik, mar ek de lokaasje. It is sels sa goed befallen dat Tryater dit jier yn oerlis mei de Krite op ’e nij by Van Vuuren komt te spyljen. Dizze kear mei Raze om protters (wannear’t it genôch is).
Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn bêst dochst om derby te hearren, hoe hâldst dy dan steande…?
Yn it libben fan Doede is in soad feroare. Sûnt in pear wiken sit er thús, mei syn mem dy’t fersoarging nedich hat. Der is gjin plak mear foar him by de sosjale wurkpleats en syn passy foar de dowesport driget foar him ûnbetelber te wurden. Foar Doede is de maat fol. Hy komt yn aksje en easket in poadium: Hy wol tiid en oandacht foar sýn libben, foar wat hý wichtich fynt.
Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede – mar meitsje dy gjin soargen: hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?
Tekst en rezjy: Eelco Venema
Spilers: Raymond Muller, Mads Wittermans, Aly Bruinsma en Olympia Kotopoulos.