Rjochtstreeks út Grou (RUG) – Freark Smink, Douwe Visser,
Riemer van der Velde en Jos Thie
Al jierren populêr by de Krite is it ûnderdiel RUR, in praatprogramma mei trije nijsgjirrige gasten. It is ûntliend oan it bekende Veronica tv-programma RUR fan Jan Lenferink. RUR stie foar Rechtstreeks Uit Richter en waard útsjtoerd fan 1983-2003. RUR fan Lenferink bestiet net mear, mar de formule is goed. It bliuwt dêrom ûnderdiel fan it Kriteprogramma, mar no mei in eigen Grouster draai. It hjit tenei RUG, Rjochtstreeks Ut Grou.
Op sneintemoarn 15 desimber 2019 presintearret de Krite ús earste offisjele RUG. It is slagge om trije bysûndere gasten nei Grou te heljen:
- Douwe Visser, ús eigen mearfâldich Grouster SKS-skûtsjekampioen.
- Riemer van der Velde, de man dy’t sc Hearrenfean grut makke hat en him dêr noch altyd tige mei ferbûn fielt.
- Jos Thie, regisseur fan tal fan grutte Fryske teaterproduksjes lykas ABE!, Kening Lear en De Stormruiter.
Ûnder de betûfte lieding fan Freark Smink wurdt it grif in kofjemoarn dêr’t noch lang oer neipraat wurde sil. Wês der gau by, op = op.