J&M Teaterwurk – De man fan dyn libben

In nije teaterproduksje fan J&M Teaterwurk, in tragikomeedzje fol leafde en wraak.
 De man fan dyn libben giet oer in frou dy’t siik is en net wer better kin. Om har man goed achter te litten, siket se in nije leafde foar him. Sy set dêrom in kontaktadvertinsje en der komt in moaie, jongere frou op ôf. Kin net moaier, soene je tinke. Mar dan docht bliken dat har man en dy jongere frou elkoar al kenne en komt de fraach om de hoeke: wat foar spul wurdt hjir eins spile en wa hâldt wa no foar de gek? Neat is wat it liket…

De man fan dyn libben is skreaun troch Arthur Japin n.o.f. syn boek De man van je leven. 
Yn it Frysk oerset troch Marijke Geertsma
. Spilers: Jan Arendz, Marijke Geertsma en Anke Bijlsma.
 Rezjy: Bruun Kuijt.

Oare foarstellings