Hymphamp Jeugdteater – Tante Jellebel

Foarich jier fersoarge it Hymphamp Jeugdteater (Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga) yn de krystfakânsje twa prachtige foarstellingen foar de basisskoallebern oer Tante Jellebel. Se komme op ’e nij nei Grou, dizze kear yn de hjerstfakânsje.

Foar de ûnderbou (1 o/m 4): Tante Jellebel’s toetje
De foarstelling giet oer de molke fan ko Klaartje. Tante Jellebel kin dêr hearlike dingen fan meitsje, sa as lekkere toetjes! En dat komt goed út, want der is in toetjeswedstriid. Tante Jellebel hat in lekker resept en de Post komt lâns om te priuwen. Mar wat is dat no… der komt gjin molke mear! Is der wat mei Klaartje?

Foar de boppebou (5 o/m 8): Tante Jellebel en it jubileumfeest
Tante Jellebel hat it drok, se moat it jubileumfeest organisearje dêr’t it hiele doarp by wêze sil èn in spesjale gast, nammentlik Boargemaster Boeltjes! Hast alles is regele, de taart, de pankoeken, de fersiering en sels de disko mei dj Fireball. Dy dj fireball is yntusken smoarferliefd op de dochter fan de boargemaster en freget tante Jellebel om advys. Hoe fregest ien om ferkearing?

Oare foarstellings