Grytz & Grize – Kofjekonsert

Grytz & Grize wurde hieltyd populêrder yn Fryslân. Grytsje Melchers (Grytz) en Douwe van der Werff (Grize) sitte dan ek bepaald net stil. Nei harren ‘Tsjerketoer’ mei optredens yn lytse tsjerkjes en harren ‘11-stêdetocht’ yn húskeamers hawwe se mei fiolist Vincent van Dam en sellist Carel van Leeuwen in nijsgjirrich teaterprogramma gearstald.

Op it kofjekonsert sjonge Grytz & Grize eigen Frysktalige lieten foar ús en in tal Ingelsktalige covers. Ek krije we in pear nûmers fan it projekt ‘Boudewijn de Groot yn it Frysk’ te hearren. Boudewijn omskreau it nûmer Moarntiid earder as ‘de beste bewerking van Avond die ik ken’.

De optredens fan Grytz & Grize binne enerzjyk, alsidich en muzikaal fan heech nivo. We ûntfange Grytsje, Douwe, Vincent en Carel dan ek graach foar in kofjekonsert op 15 maart yn it Teehûs yn Grou.

Oare foarstellings