Grouster Kritetoaniel – Eurohotel keamer 719
Ús eigen Kritetoaniel stiet fansels ek wer op de planken. Dit seizoen is keazen foar in bewurking fan Plaza hotel suite 719 fan Neil Simon, oerset troch Anne Tuinman. Rezjy en bewurking: Wybe Koldijk
Eurohotel keamer 719, ien hotelkeamer…. twa ferhalen.
It earste ferhaal giet oer Klaske en Sander Dykstra. Se sliepe jûn yn keamer 719 fan it Eurohotel yn Ljouwert want harren hûs is hjoed opnij yn ‘e ferve set en…. o ja se binne hjoed 24 jier troud! Hie harren houlik net wêze moatten?
It twadde ferhaal giet oer in houlik dat hjoed begjinne sil.
Mirjam, de dochter fan Romke en Nynke Hoekstra, sil hjoed trouwe. Alle gasten binne yn de ‘blauwe seal’ fan it Eurohotel byelkoar. Mem Nynke wachtet yn keamer 719 op Mirjam, dy’t noch hieltyd yn de badkeamer is.