Jiergearkomste en de revu Bylden fan de bruorren Halbertsma

We starte it Krite-seizoen 2019-2020 sa as gewoanwei mei de jiergearkomste foar ús Krite-leden. Mar krekt as de ôfrûne jierren binne nei it skoft ek net-leden tige wolkom. We sille dan op in grut skerm de revu Bylden fan de bruorren Halbertsma sjen litte. Dy revu is yn novimber 2000 opfierd ta gelegenheid fan it 125-jierrich bestean fan Krite Grou.

Bylden fan de bruorren Halbertsma is destiids skreaun troch Grouster Jan de Vries nei in bewurking fan ferhalen út de Rimen en Teltsjes. Hein van Vliet hie fan de revu in fideo-opname makke en it Frysk Filmargyf hat dy fideo foarich jier op ús fersyk digitalisearre en argivearre sadat er no foar elk tagonklik is. De revu duorret oardel oere en der dogge tal fan Grousters yn mei. It like ús tige aardich om dy bylden nei 19 jier noch in kear op in grut skerm mei-inoar werom te sjen. De spilers binne no fansels in slach âlder, mar grif noch werkenber.

Oare foarstellings