Leny Dijkstra en Hiske Oosterwijk – Taal op it spoar
Taal op it spoar is foar Grou ekstra bysûnder om’t dy foarstelling giet oer de Grouster komponist Cees Bijlstra. Spitigernôch is Cees fierste betiid ferstoarn. Wat lykwols bliuwt is syn muzyk.
Âld fedette Leny Dijkstra en rising star Hiske Oosterwijk treffe mekoar yn de Cees Bijlstra-trein fan Arriva. Leny woe perfoarst op stap mei dizze trein dy’t de namme draacht fan har ferstoarne freon, komponist en begelieder dêr’t se sa lang mei wurke hat yn teater en foar radio en tv. Hiske stapt by tafal yn de Cees Bijlstra-trein. Se fertelle en sjonge harren libbensferhaal mei selsspot en humor.
Foar Leny rydt de trein achterút, werom nei alles wat wie en altyd bliuwt. Hiske rydt fol moed en enerzjy foarút de ûnbestimde takomst yn. Mar hoe ûngelyk se ek lykje, se fine mekoar yn de muzyk fan Cees Bijlstra. It wurdt in meislepend ferhaal mei in sublime plot. Hiel persoanlik mar foar elk werkenber. De teksten binne fan Leo Dijkstra, de muzikale begelieding komt fan Addy Scheele en Anke Piersma.