Krystreizgers – In gemoedlik krystoptreden mei u.o. Frederike Kleefstra

Wat makket Krystreizgers sa leuk?

Miskien is it de fluwielen sound fan it kwartet yn de mear­stimmige Christmas Carols, miskien binne it de lytskeunstferskes dy ‘t dy pikefel besoargje? Yn alle gefallen wurket it dúdlike plezier wêrmei ‘t de Krystreizgers Marijke Rodenburg, Frederike Kleefstra, Klaas de Vries, Tsjamme Overal en Corinne Staal op it poadium stean oansteklik.

Efkes de krystdrokte parkearje, tiid foar ferbining, tiid foar in mimering, in glimke…

Oare foarstellings