Oer de Krite Grou
It ûntstean
As yn 1975 it hûndertjierrich bestean fan Krite Grou fierd wurdt, skriuwt S.A. Schoustra it prachtige boekje ‘De Krite yn ’e Krânse’. Wy fetsje gear wat hy oer de skiednis fan de earste hûndert jier fertelt. Op kultureel mêd hat de Krite fan grutte betsjutting west, net allinne yn it tsjinjen fan de belangen fan it Frysk en de Fryske saak, mar ek mei it bringen fan gesellichheid en fleur om sa de bân fan de Grousters ûnder elkoar te ferstevigjen.
It ûnstean fan Kriten wie it gefolch fan de aktiviteiten fan it saneamde Âld Selskip fan 1844 dat folút ‘Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse’ hiet. Dat selskip, dat syn sit hie yn Ljouwert, rjochte yn 1848 de ‘mem-krite’ op en befoardere dat yn tal fan doarpen yn de provinsje nije Kriten ûntstiene. De sleet kaam der lykwols yn, Kriten kamen, Kriten giene.
De leden fan de ‘mem-krite’ giene troch mei it krewearjen foar de Fryske saak. Yn 1875 kamen de leden fan it Âld Selskip manmachtich nei Grou en ûntbleaten yn it hûs dat op it plak stiet fan it bertehûs fan de bruorren Halbertsma, in tinkstien foar Eeltsje Halbertsma. Se hiene in grut feest organisearre en dat hie fan gefolgen dat hiel wat Grousters lid fan it Selskip waarden. Doe wie der alle reden om yn Grou in ôfdieling, in Krite, op te rjochtsjen. Arend Bouma stie oan de widze fan de nije feriening, dy’t op 26 novimber 1875 yn de herberge ’s Lands Welvaren oprjochte waard.
Yn de rin fan de jierren waard dúdlik dat neist it ‘hegere’ kulturele, ek gewoane doelen tsjinne waarden. De gesellichheid naam dêrby in grut plak yn. Kaartjûnen, biljertwedstriden, it foel allegearre ûnder de grutte paraplu fan de Krite. Schoustra skriuwt dat it brede publyk troch ek sokke saken mei te nimmen yn it program, ‘Krite-minded’ waard. Dan kaam der grif ek belangstelling foar de toanieljûnen, de Fryske foardrachten en lêzingen, it priissprekken, de bernefoardrachtkriich ensafuorthinne.
De Krite no
It jier 2016 – 2017 like it hast dat de achtensweardige Krite Grou ophâlde soe te bestean. Fernijing fan it bestjoer like net mooglik om de saak draaiende en libben te hâlden. Yn desimber 2016 tsjinne him lykwols in ploech entûsjaste minsken oan, dy’t in nije griene leat oan de âlde stamme wêze wol. De âldste noch besteande Krite wie rêden. Mei faasje is foar it winterskoft 2017-2018 in oantreklik programma opset. En ek de ‘toanielpoat’ is nei acht jier stilstân wer nij libben ynblaasd. It hjoeddeistige bestjoer sjocht mei fertrouwen nei de takomst en besiket oan de oarspronklike opdracht stal te jaan mei in iepen each foar de feroarjende wrâld.
Skiednis Krite Toaniel
Yn it boekje ‘De Krite yn ’e Krânse’ dat by de betinking fan hûndert jier Krite Grou yn 1975 útjûn is, wurdt ferteld dat yn dy hûndert jier 125 toanielstikken spile binne. Telt men dêr noch by op de stikken dy’t ‘Thalia’, de foargonger fan it Kritetoaniel, spile hat en de stikken dy’t de lêste 40 jier spile binne, dan komt de skoare grif boppe de 200 te lizzen. Yn de rin fan de jierren is in rike toanieltradysje opboud en Grousters kinne dêr mei rjocht en reden grutsk op wêze.
Yn de jongste skiednis fan de Krite, dus nei 1975, wie it toaniel en de organisaasje dêrfan lange tiid in selsstannige organisaasje ûnder de wjukken fan de Krite. No is de situaasje sa dat yn 2010 it toanielbelang werom is yn it Kritebestjoer. Fan toanielspyljen kaam it lykwols net.
It Kritebestjoer dat yn 2016 keazen is, wol de rike tradysje fan it Grouster Kritetoaniel syn glâns en eare weromjaan en komt nei in ûnderbrekking fan acht jier yn jannewaris 2018 wer mei in eigen toanielfoarstelling op ’e planken. En mei súkses. Mei it stik Chez Cherard (Bravo!) waard fuortdalik de earste priis yn klasse C fan de Kriich helle.
Net allinnich it ‘grutte’ toaniel hat de gong der wer yn, sûnt neijier 2018 bestiet ek de Kritejeugd. Mei workshops en ymprovisaasjes wurdt Grouster jonges en famkes leafde foar it toaniel bybrocht. Yn oktober 2020 resultearjend yn twa ienakters foar in lyts publyk. Dit lyts publiek hie te meitsjen mei de Covid-19 situaasje.