Jiergearkomste mei nei it skoft Theo Smedes

Wy begjinne dit Krite-seizoen yn Het Theehuis mei de jier­gearkomste foar al ús Kriteleden. Nei it skoft binne ek net-leden tige wolkom.

Wy ha nei it skoft Theo Smedes te gast. Bekend as u.o. regisseur fan iepenloftspul Kening en Kening (2024), Schindler’s List (2022), Turks Fruit (2019) en as akteur yn De Emigrant mei Freark Smink. Derneist hat Theo ek Stichting de Noorder Smederij oprjochte, die’t de teäterbelibbing Floed by it Woudagemaal op ‘e Lemmer makke. Genôch om oer te fertellen.

Oare foarstellings